Frysk op it Gemeentehûs

Yn it mûnlinge en skriftlike ferkear mei de gemeente kin elkenien de Fryske of de Nederlânske taal brûke. Wy hawwe as belied om ús besikers yn it Frysk te wurd te stean sawol oan de baly en oan de tillefoan. Mocht de besiker of dyjinge dy’t skillet it Frysk net machtich wêze, dan wurdt oerskeakele op it Nederlânsk.

As der in brief of e-mail yn it Frysk by de gemeente komt, beäntwurdzje wy dy yn it Frysk. Ynwenners  kinne ek fia de Whatsapp fragen oan de gemeente stelle. In fraach yn it Frysk wurd ek yn it Frysk beantwurde.

In klacht kin sawol yn it Nederlânsk as yn it Frysk behannele wurde. As in klacht yn twadde ynstânsje telâne komt by de Nationale Ombudsman, dan kin dy ek yn it Frysk behannele wurde, lykas beskreaun yn de Wet Gebruik Friese taal.