Important notification

In verband met een verbouwing is het gemeentehuis in Dokkum vanaf 1 juli tijdelijk gesloten. Vanaf 4 juli kunt u voor burgerzaken terecht op het gemeentehuis in Kollum. Voor een beperkt aantal producten kunt u terecht in Damwâld. Maakt u wel eerst een afspraak voordat u naar het gemeentehuis komt? Dit kan telefonisch of via de website.

Frysk taalbelied

It jout fertrouwen om jinsels uterje te kinnen yn jins memmetaal,  boppedat soarget taal ek foar (fer)bining tusken minsken ûnderling. Wy binne ús bewust fan ús foarbyldfunksje en litte oan ús ynwenners sjen dat der yn ús gemeente sawol Frysk as Nederlânsk sprutsen en skreaun wurde kin. Wêr mooglik besykje wy de sichtberens fan it Frysk te fergrutsjen en it draachflak te ferbreedzjen.

De algemiene doelstelling fan ús Frysk taalbelied is: “It kreëarjen fan rânebetingsten foar it behâld en fuortsterkjen fan de Fryske taal.” Dêrby jildt it útgongspunt dat de ynwenners fan ús gemeente harren eigen taal brûke kinne om harren fragen te stellen en harren winsken dúdlik te meitsjen. Frije taalkar en respekt foar dizze kar is ús útgongspunt. Foar it grutste part fan ús ynwenners is it Frysk de memmetaal, en datselde jildt ek foar de meiwurkers fan ús gemeente.

Nota Frysk taalbelied

Yn de gemeenteried fan 10 septimber 2020 is de nota Mei elkoar foarút mei it Frysk fêststeld. Jo kinne de nota hjir delhelje.