Nijjierstaspraak burgemeester Kramer

Op maandag 6 januari is mr. J.G. Kramer door de Commissaris van de Koning drs. A.A.M. Brok beëdigd als eerste door de Kroon benoemde burgemeester van de gemeente Noardeast-Fryslân. Aansluitend vond de nieuwjaarsreceptie plaats. De nieuwjaarstoespraak kunt u hieronder teruglezen.

Achte oanwêzigen,

In nij jier. In nij desennium. Wat sil 2020 ús bringe?

In alvestêdetocht? Grif! Mar ek oer it iis? Nederlân wer Europeesk kampioen foetbal? Of no in kear by de iepening fan de Admiraliteitsdagen gjin rein en hurde wyn?

Wa’t it nijs folget yn binnen en bûtelân, dy wit: der is wol wat te rêden op it stuit. Hoe komt it mei Iran, of mei dy ferskriklike bosbrannen yn Austraalje?

Ek tichter by hûs wie der nijs om kjel en stil fan te wurden. De trageedzje fan in mem hjir yn Dokkum dy’t net weromkomt yn har gesin op âldjiersjûn… Nijjiersdei sil foar har neisten nea wer it selde wêze.

Soms liket it wolris al draait de wrâld hieltyd mar hurder en hurder. En wêr sil dat aanst stopje? En wat kin wij, jo en ik, deroan dwaan dat dizze wrâld net noch fierder út it lead begjint te rinnen?

Elts kin dêr yn syn eigen fermidden en nei eigen fermogen in antwurd op fine.

Lit jo de drank in moanne stean? Sil jo sinnepanielen nimme? Of miskien wol foarnimme om hielendal neat mear foar te nimmen?

Wy hawwe as gemeente ek in tal goede foarnimmens. En dan is it ek goed dat kolleezje en ried der ôfrûne jier yn slagge binne en realisearje in begrutting en in mearjierren-perspektyf sa dat der finansjele romte is foar de ambysjes. Mei in ûntwikkelfûns dat oprint ta 15 miljoen.

En as de minister dit jier de fergunning ferliend foar it gasboarjen yn Ternaard dan giet de gebietskommissje oan de slach mei de sosjaal – ekonomyske ûntwikkeling fan de omjouwing.

Ek de klimaattransysje sil foar 2020 de noadige oandacht freegje. Op dat punt wolle wy as gemeente ek ús ferantwurdlikheid nimme. En wat soe it moai wêze as ús wethâlder Esther Hanemaaijer dêr sels wer it foartou yn nimme kin.

En dan fansels it sosjaal domein. Ek hjir wurdt besocht om kommend jier en goed op ús minsken dy’t dat nedich hawwe te passen, mar wol om dêrmei binnen de finansjele linen te bliuwen.

Samar efkes wat foarnimmens dêr’t kolleezje, ried en organisaasje fan ús gemeente mei oan de slach sille.

Want it begjint by ús sels. De krêft fan dizze regio is dat de minsken hjir sizze: as wy it sels net oppakke, docht gjinien oars it foar ús. De súksessen út it ferline, de realisaasje fan de Sintrale As, ANNO I en ANNO II, mar ek de Fersnellingsaginda, Holwert oan See, binne ûntstien omdat wy fertrouden op eigen krêft, troch heech yn te setten en dêr dan nei ta wurkjen. Omdat de minsken hjir seine: wy rêde dermei!

Dat is ek werom as wy hjir hjoed mei betrouwen oer it kommende jier en it kommende desennium sizze kinne: wat der ek op ús ôf komt, wy rêde dermei!

Myn foarnimmen as boargemaster is om dit nije jier dizze prachtige gemeente goed kennen te learen. It docht my no al goed om safolle bekende mar ek noch net bekende gesichten te sjen.

Myn earste taak is yn de kunde komme mei jim en alle oare ynwenners, bedriuwen en ynstellingen yn de gemeente. Ik wol oanhearre en fragen stelle, my in byld foarmje.

In pear hichtepunten foar it kommende jier foar ús gemeente:

Yn april is it 75 jier lyn dat ús gemeente befrijd wurden is. Wy sille dêr ek gepast by stil stean. De Binck Banck tour start yn augustus en wy sille as gemeente in beslút nimme oer de nije húsfesting. Samar wat saken foar 2020, wêr’t noch in protte al bekende en faaks ek no noch net bekende hichtepunten noch bykomme sille.

Ik hoopje jo by dy gelegenheden en ek by oare gelegenheden te moetsjen.

En dêrmei winskje ik tegearre mei myn frou Christina jo en jo neisten in alderhertlikst, warber en sûn 2020 ta.