Stimburo’s yn ‘e gemeente Noardeast-Fryslân

Stimburo’s yn ‘e gemeente Noardeast-Fryslân

Yn ‘e gemeente Noardeast-Fryslân kinne jo op 6 juny 2024 yn totaal yn 45 stimburo’s stimme. De stimburo’s binne iepen fan 7.30 – 21.00 oere. Nei 21.00 oere kinne jo net mear stimme.. Op jo stimpas stiet it adres fan it stimburo dy’t foar jo it tichtste by is. Jo kinne by alle stimburo’s yn ‘e gemeente Noardeast-Fryslân stimme.

LET OP: yn Kollum binne der wizigingen yn de stimburo’s. It eardere gemeentehûs is gjin stimburo mear. Jo kinne no telâne by ‘zalencentrum De Colle’ yn de Campus te Kollum. Ek is der in ekstra stimburo: De kantine fan VV Kollum, Bernhardlaan 83A. Meckema State en Pro Rege bliuwe as stimburo beskikber.