Stipersferklearring ôflizze Twadde Keamerferkiezing

Algemeen

Wolle jo in politike partij helpe om mei te dwaan oan de Twadde Keamerferkiezing fan 29 oktober 2025? Dan kinne jo in stipersferklearring ôflizze. Jo dogge dit op it gemeentehûs yn Dokkum.

Wat is in stipersferklearring?

Mei in stipersferklearring litte jo witte dat jo in partij stypje by it dielnimmen oan de ferkiezing. Dit is nedich as de partij:

  • Foar it earst meidocht.
  • By de foarige ferkiezing net in sit hie.
  • Meidocht mei in blanko lyst (sûnder partijnamme).

Jo meie per ferkiezing mar foar ien partij in stipersferklearring ôflizze. Tink der om: in stipersferklearring kin net ynlutsen wurde.

Wa mei in ferklearring ôflizze?

Jo meie in stipersferklearring ôflizze as jo: 

  • Kiesrjocht hawwe by dizze ferkiezing;
  • Ynskreaun steane yn ‘e gemeente Noardeast-Fryslân.

Steane jo op in lyst as kandidaat? Dan meie jo ek in stipersferklearring tekenje. Jo moatte wol yn ‘e oanbelangjende gemeente as kiezer registrearre stean.

Wannear en wêr?

Jo kinne in stipersferklearring ôflizze fan moandei 1 septimber oant en mei 15 septimber 2025 op it gemeentehûs yn Dokkum.

Wy binne iepen op:

  • Moandei oant en mei tongersdei fan 9.00 – 12.00 oere en 13.00 – 16.00 oere.
  • Freed fan 9.00 – 12.00 oere.

It adres is: Koningstraat 13, 9101 LP Dokkum. In ôfspraak meitsje is net nedich.

Jo nimme it folgjende mei:

  • In jildich identiteitsbewiis.
  • It ynfolde, noch net ûndertekene formulier.

Jo ûndertekenje it formulier op it gemeentehûs dêr’t de amtner by oanwêzich is

Formulier stipersferklearring

Ful it formulier alfêst yn foardat jo del komme. Op de webside fan Rijksoverheid  kinne jo it formulier downloaden en útprintsje.

Fragen?

Stel se gerêst. Wy binne berikber fia  verkiezingen@ediensten.noardeast-fryslan.nl as fia telefoannûmer (0519) 29 88 88, opsje 4.