Wat nim ik mei nei it stimburo?

Algemeen

As jo stimme wolle op 18 maart 2026, dan hawwe jo it folgjende nedich:
• In stimpas
• In jildich identiteitsbewiis (paspoart, identiteitskaart of rydbewiis)
Dit mei op de dei fan it stimmen op syn meast 5 jier ferrûn wêze.
Jo meie stimme yn alle stimlokalen yn ‘e gemeente Noardeast-Fryslân.

Stimpas

Jo krije de stimpas op syn lêst 14 dagen foar de ferkiezingsdei yn ‘e hûs. Jo moatte jo stimpas ynleverje op it stimburo. Sa kin foarkommen wurde dat immen twa kear stimme kin.

Wa meie stimme?

Jo meie stimme foar de gemeenteriedsferkiezingen as jo:

  • Yn ‘e gemeente Noardeast-Fryslân wenje
  • Op 18 maart 2026 18 jier as âlder binne (berne op as foar 18 maart 2008)
  • Net útsletten binne fan it kiesrjocht
  • Ynwenner út de EU binne (gjin Nederlanner)
  • Ynwenner fan bûten de EU binne (gjin Nederlanner) 

Wenje jo yn ús gemeente en komme jo út in lân fan de Europeeske Uny? Dan meie jo stimme by de gemeenteriedsferkiezingen 

Wenje jo yn ús gemeente en komme jo út in lân bûten de Europeeske Uny? Dan meie jo stimme as jo minimaal 5 jier legaal yn Nederlân wenje

Gjin stimpas krigen of kwytrekke?

Jo kinne in ferfangende stimpas oanfreegje. Dat kin sawol skriftlik as persoanlik.

  • Skriftlik: foar freed 13 maart 2026 om 17.00 oere.
    Stjoer ek in kopy fan jo identiteitsbewiis mei.
  • Persoanlik: oant en mei tiisdei 17 maart 2026, 12.00 oere kinne jo delkomme op it gemeentehûs yn Dokkum.
  • Jo hoege gjin ôfspraak te meitsjen.

Tink derom: As jo de stimpas skriftlik oanfreegje op 13 maart, kin PostNL der net foar ynstean dat jo de stimpas op ‘e tiid krije. It is dêrom handiger om sels del te kommen op it gemeentehûs. Dan krije jo de stimpas fuortendaliks mei.