Frysk yn it ûnderwiis
Algemeen
Meartalich opgroeie is in wichtich elemint yn de (taal)ûntwikkeling fan bern. Der binne in soad foardielen oan meartaligens. Sa binne meartalige bern taalgefoeliger, en leare se flugger in tredde, fjirde of fyfde taal. En minsken dy’t har libben lang geregeld twa of mear talen brûke, krije letter minder gau lêst fan deminsje.
As gemeente stypje wy graach it ûnderwiis, konsultaasjeburo’s, biblioteken en berneopfangorganisaasjes by it stimulearjen fan meartalich opgroeien.
Foarskoalsk ûnderwiis
It Sintrum Frysktalige Berne-Opfang (SFBO) helpt bernesintra yn de gemeente by it stal jaan oan in taalrike omjouwing foar de bern. Der wurdt konsekwint mei de talen omgien: ien-persoan-ien-taal. Alden wurde dêr fansels yn behelle. It SFBO jout ynformaasje en hâldt âlderjûnen oer meartaligens en it belang fan taalbelied en taaloanbod. Op SFBO - Kenniscentrum meartaligens fine jo in oersjoch fan de twatalige pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen yn de gemeente.
Basis- en fuortset ûnderwiis
Alle skoallen jouwe omtinken oan de Fryske taal, de manier wêrop is foar elke skoalle ferskillend.
Uterlik yn it jier 2030 moat it fak Frysk op alle basisskoallen en skoallen foar it fuortset ûnderwiis op foldwaande nivo oanbean wurde. Dat is de ambysje dy’t it Ryk en provinsje mei-inoar ôfpraat hawwe yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer. Sjoch foar mear ynformaasje op Taalplan Frysk 2030 – Frysk, foar no en letter.