Nieuwjaarstoespraak 2021 burgemeester Johannes Kramer

In deze bijzondere coronatijd is de nieuwjaarstoespraak van burgemeester Johannes Kramer digitaal. In samenwerking met RTV NOF is er een video opgenomen bij het gemaal de Heining in Marrum. 

Bekijk de videoboodschap

De tekst van de toespraak:

Fanôf dit plak, hjir by it gemaal de Heining oan de igge fan de Waadsee, wol ik aldereast en alderhertlikst jim út namme fan it gemeentebestjoer fan Noardeast-Fryslân en myn gesin in lokkich, sûn en Coronafrij 2021 tawinskje.

2020 wie in bysûnder jier. It Corona jier. En jim sille der persoanlik grif it noadige fan meimakke hawwe. It wie in saai jier. De measte feesten, evenminten, wedstriiden, merken moasten oergean. It wie in ferfelend jier. Mei nije regels dêr’t je oan hâlde moasten, thús mar ek op it wurk en yn de winkel. Mûlekapkes. Earmtak begroetingen. Oardel meter ekonomy. It wie in bedriigjend jier. Corona smiet in skaad oer ús libben. Mei sykte, faaks yn jo eigen fermidden. En mar mei in lyts bytsje hoop. Pas oan it ein fan it foarige jier waard dúdlik dat in faksin mooglik it kommende jier útkomst biede kin. En dochs bedarren wy mids desimber wer yn in twadde lockdown. De feestdagen ha dêrom hiel oars west dan dat jo en ik wend wiene.

Lit ús hope dat 2021 in nij begjin wurdt en gjin 2020 op herhaling.

Foar jo, my en ús gemeente wurdt 2021 in wichtich jier.

Nei de gearfoeging fan de eardere gemeenten stiet der no in stevige, robúste gemeente. In gemeente dêr’t jo wat fan ferwachtsje meije. Yn ambysjes, yn tsjinstferliening en yn soarch foar de meiminske. In gemeente mei kriich en ambysje, dy’t kwaliteit leveret en dy’t net fierder fan jo ôf mar krekt noch mear en noch better njonken jo stiet.

Us gemeentebestjoer hat it ôfrûne jier wichtige besluten naam. Oer de ferkeap fan gemeentlike gebouwen, sport akkomodaasjes en ûnderwiishúsfesting. Wy bin in reinbôgegemeente wurden. En mei in nij wenbelied dat op priemmen stiet om de kânsen op de weningmerk dy’t der no binne ek mei faasje op te pakken. En der leit in breed droegen plan oangeande de takomst van het Hadrdraverspark en Tolhuispark yn Dokkum.

Der stiet no in sterke en selsbewuste gemeente, foar in selsbewuste mienskip fan minsken, dy’t in beskiedende rol spylje wol yn dizze regio, tusken Ljouwert, Drachten en Grins. Dokkum hat as regiostêd in fin mear as in bears, mei syn ûnderwiisynstellings, syn winkels en restaurants en syn ûndernimmers. En ús doarpen lizze útnûgjend yn in prachtich grien, rom en iepen gea. En dat soks oansprekt hat de ôfrûne simmer wol bewiisd, doet in protte toeristen ús regio besocht hawwe en posityf ferrast wienne troch de natuer, de minsken en de kultuer-histoarje. Dat biedt kânsen, foar ús gemeente en ús regio. Dy moatte wy pakke en fersilverje.

Omdat goed dwaan te kinnen, sil wy effektyf gearwurkje mei al ús partners. Mei de provinsje en it wetterskip, mar ek mei ús Anno Partners . As it giet om it wurk oan de seedyk tusken Koehoal en it Lauwersmar, as it giet om it realisearjen fan Holwert oan See, de effekten fan de gaswinning by Ternaard goed yn de gaten te hâlden en de taseine miljoenen as kompensaasje goed yn de regio delkomme te litten.

Mar fansels ek mei de alle ynwenners en ûndernimmers fan ús gemeente. As it giet om it behâld fan leefberens en fersjennings, om it jaan fan perspektyf oan ús jongerein en it behâld fan wurkgelegenheid en it fersterken fan de regionale ekonomy.

Us wethâlders, riedsleden, amtners en ik steane dêrom ek takom jier ta jo tsjinst.

Omt wy mei syn allen foar ús allen de goede dingen dwaan wolle.
Omt wy gearwurkje wolle om mei syn allen fierder te kommen.

Dat gearwurkjen sit ús hjir ommers yn it bloed. Sûnder dy gearwurking hiene wy gjin droege fuotten holden. En ús foarâlden begrepen dat al hiel goed en begûnen sa’n 1000 jier ferlyn mei it bedykjen fan it lân. Om harren fee, eigendom en libben te beskermjen. En sjoch no ris hoe’t 1000 jier letter dit lân der hjir hinne leit en wy trochbouwe kinne op harren wise besluten. In wiis beslút sjocht ommers fier foarút. Dit gemaal, de Heining, is in nij haadstik yn ús al ieuwend duorjende gearwurking om ús tsjin de see en de eleminten te beskemjen.

Ik mocht op 6 jannewaris ferline jier oantrede as jim nije boargemaster. Ik moat sizze dat ik it o sa nei myn sin ha. Dit amt en dizze gemeente passe my as in jas. Mei myn frou en fjouwer bern hawwe wy ús yn Dokkum fêstige. En wy wolle elts tanksizze dy’t ús sa hertlik ûntfongen hawwe en ús echt thús fielen dien hawwe.

En fansels wiene der ek foar my minder moaie saken, lykas de besites dy’t ik brocht ha oan minsken dy’t yts hiel slims meimakke hawwe, soms it alderslimste dat in âlder barre kin. En as je mei dat grutte leed konfrontearre wurde, dan besef je ek dat, ûndanks de lêst dy’t wy mei syn allen fan de Corona hân hawwe, dat sa lang as dat wy inoar noch hawwe, der eins noch neat echt ferlern is.

En lit ús dêrom hope en ferwachtsje dat 2021 ek it jier wurdt dat de ljochten wer baarnen geane. Dat de slingers wer ophongen wurde kinne, yn ús doarpen en stêden, yn ús strjitten en wiken en dat it libben syn fertroude kleur wer weromkrije kin.

Dat winskje ik jo en jo neisten foar it kommende jier fan herten ta!

Burgemeester Johannes Kramer