Stimme fanút it bûtenlân foar de Twadde Keamer
Algemeen
Binne jo op woansdei 29 oktober tydlik yn it bûtenlân? Bygelyks foar wurk, stúdzje as fakânsje? En steane jo noch ynskreaun yn in Nederlânske gemeente, lykas Noardeast-Fryslân? Dan kinne jo dochs stimme. Dit kin op twa wizen:
Immen oars foar jo stimme litte (skriftlike folmacht)
Jo kinne ien yn Nederlân machtigje om foar jo te stimmen. Dit hyt stimme fia in skriftlike folmacht. Dy persoan moat sels ek stimme. Jo freegje in skriftlike folmacht oan by de gemeente wêr’t jo ynskreaun steane.
Stimme mei in brief út it bûtenlân wei
Jo kinne ek mei in brief fan jo tydlike bûtenlânske adres wei stimme. Dêrfoar freegje jo in briefstimbewiis oan by de gemeente Den Haag.
Tink der om
- Jo folsleine oanfraach moat op syn lêst 1 oktober 2025 om 23.59 oere (Nederlânske tiid) by de gemeente Den Haag binnen wêze.
- Freegje yntiids oan: de dokuminten wurde mei de post nei jo bûtenlânske adres stjoerd.
- Yn lannen mei in stadige as ûnbetroubere post is stimme fia folmacht faak ferstanniger.
- In kopie fan jo Nederlânske rydbewiis is gjin jildich dokumint foar stimme mei in brief.
Wenje jo yn it bûtenlân? Registrear as kiezer bûten Nederlân.
Wenje jo net mear yn Nederlân en binne jo útskreaun út de BRP? Dan moatte jo jo registrearje as kiezer bûten Nederlân.
Jo meie stimme as jo:
- De Nederlânske najonaliteit hawwe;
- 18 jier as âlder binne;
- Bûten Nederlân wenje en net ynskreaun steane yn in Nederlânske gemeente.
Registrearje
Jo registrearje jo by de gemeente Den Haag. Dit kin fia in online formulier. Doch dit fóár 17 septimber 2025.
Jo krije dan de stimdokuminten mei de post (briefstimbewiis) en it stimbiljet fia e-mail. Registrearje kin fia de website van de gemeente Den Haag.