Oanplakbuorden

Algemeen

Op 6 juny 2024 binne de ferkiezings foar it Europeesk Parlemint. Foar dizze ferkiezings meie (sandwich)buorden pleatst wurde op de plakken dy’t oanjûn binne. Hjir is gjin fergunning foar nedich

Regels pleatsen ferkiezingsbuorden

Regels foar it pleatsen fan ferkiezingsbuorden, oanplakbiljetten en sa foar de ferkiezings fan 6 juny 2024 binne:

  • Der hoecht foar it pleatsen fan buorden en oare saken mei dêrop ferkiezingsuterings foar dizze ferkiezings gjin fergunning oanfrege te wurden.
  • Buorden en oare saken mei dêrop ferkiezingsuterings meie pleatst wurde ûnder de folgjende betingsten:
  • Der wurdt foldien oan de algemiene regels oer gefaar en skea dy’t opnommen binne yn ‘e gemeentlike APV’s.
  • By it tapassen fan sanwichbuorden om lampepeallen mei gjn gebrûk makke wurde fan de troch de eardere gemeente Kollumerlân.c.a. en eardere gemeente Dongeradiel (Dokkum) op peallen dy’t op kaart oanjûn binne. Yn eardere gemeente Ferwerderadiel moat rekken hâlden wurde mei de lokaasje dy’t al brûkt wurde foar kommersjele uterings.
  • Foar it brûken fan partikulier terrein en opstallen moat tastimming jûn wêze.
  • It pleatsen bart net earder as fjouwer wike foarôf oan de ferkiezings .
  • De foarwerpen moatte binnen in wike nei ôfrin fan de ferkiezings troch dyjinge dy’t se pleatst hat, fuorthelle wurde.

By twifel oer it brûken fan in lokaasje kinne jo kontakt opnimme mei KCC Vergunningen. Dit kin op telefoannûmer: (0519) 29 88 88, opsje 2 as fia de e-mail: kccvergunningen@noardeast-fryslan.nl 

Oanwizings fan plysje en gemeentlik tafersjoch moatte opfolge wurde.