Proses ferbaal fan it ûndersyk nei de kandidatenlisten
Proses ferbaal fan it ûndersyk nei de kandidatenlisten
Op de dei fan de kandidaatstelling, 2 febrewaris 2026, binne de folgjende kandidatenlisten ynlevere:
- FNP
- S!N
- CDA
- ChristenUnie
- Partij van de Arbeid (PvdA)
- Gemeentebelangen Noardeast-Fryslân
- VVD
- Liberaal Noardeast-Fryslân (LNF)
- BBB
- D66
Fia ûndersteand dokumint kinne jo it proses ferbaal online ynsjen.
Wolle jo leaver delkomme om de kandidatenlisten en stipeferklearringen yn te sjen?
Dat kin! Fan woansdei 4 febrewaris 2026 om 09.00 oere ôf lizze dy op besjen yn it gemeentehûs yn Dokkum. De dokuminten bliuwe beskikber oant de dei neidat definityf fêststeld is oft de yntsjinne listen jildich binne.
Dokuminten ynsjen
Wolle jo de stikken besjen? Dat kin allinnich op ôfspraak.
Jo kinne in ôfspraak meitsje fia:
- Telefoan: 0519 – 29 88 88 (opsje 4) Freegje nei in meiwurker fan de wurkgroep ferkiezingen.
- E-mail: verkiezingen@ediensten.noardeast-fryslan.nl