Pytsje de Graaf hâldt op as wethâlder fan de gemeente Noardeast-Fryslân

Wethâlder Pytsje de Graaf (FNP) leit nei mear as 10 jier wethâlderskip har funksje del fanwegen har sûnens. Se makke dat bekend yn in brief oan de foarsitter fan de gemeenteried, boargemaster Johannes Kramer.

“Us ynwenners, it ferieningslibbben, amtners en rie wol ik tige tanke foar de noflike gearwurking. Ik haw myn wurk altyd mei nocht en wille dien,” skriuwt de Graaf. De portfolio fan wethâlder de Graaf omfiemet kultuer, sport, iepenbiere romte en fasiliteiten en wolwêzen. Wethâlder Breeuwsma nimt sûnt april dit jier de taken fan frou de Graaf oer.

De FNP-politika hat wethâlder west yn Noardeast-Fryslân sûnt de gemeente oprjochte waard op 1 jannewaris 2019. Dêrfoar wie se fan 2011 oant 2018 wethâlder yn de eardere gemeente Dongeradiel. Frou de Graaf hat ek tal fan funksjes hân út namme fan de gemeente, ûnder oaren yn it bestjoer fan de Vereniging fan Fryske Gemeenten, it Iepen Mienskipsfûns en Jobinder. 

Neffens boargemaster Kramer is de keuze fan frou de Graaf tige spitich, mar ek te begripen: “Frou de Graaf hat in moedich mar dreech beslút naam. Mei it fertrek fan frou de Graaf ferliest ús gemeente in belutsen en werkenbere bestjoerder dy’t ticht by ús ynwenners stie.”

Nederlands:

Wethouder Pytsje de Graaf (FNP) legt haar functie na meer dan 10 jaar wethouderschap neer, vanwege haar gezondheid.  Dat maakte zij bekend in een brief aan de voorzitter van de gemeenteraad, burgemeester Johannes Kramer.

“Us ynwenners, it ferieningslibbben, amtners en rie wol ik tige tanke foar de noflike gearwurking. Ik haw myn wurk altyd mei nocht en wille dien,” skriuwt de Graaf. Wethouder de Graaf heeft onder meer cultuur, sport, openbare ruimte en voorzieningen in haar portefeuille. Raadslid Fedde Breeuwsma neemt sinds april het werk van de Graaf over. 

De FNP-politica is wethouder in Noardeast sinds het ontstaan van de gemeente op 1 januari 2019. Daarvoor was ze van 2011 tot en met 2018 wethouder in de voormalige gemeente Dongeradeel.  Mevrouw de Graaf heeft ook een aantal nevenfuncties namens de gemeente bekleedt, onder andere het bestuur van Vereniging fan Fryske Gemeenten, it Iepen Mienskipsfûns en Jobinder. 

Burgemeester Kramer vindt haar keuze om te stoppen spijtig maar begrijpelijk: “Frou de Graaf hat in moedich mar dreech beslút naam. Mei it fertrek fan frou de Graaf ferliest ús gemeente in belutsen en werkenbere bestjoerder dy’t ticht by ús ynwenners stie.”