Sandwichbuorden ferkiezingen
Algemeen
Op 29 oktober 2025 binne de ferkiezingen foar de Twadde Keamer. Wy bringe de ferkiezingen ûnder de oandacht mei tydlike sandwichbuorden. Jo hawwe gjin fergunning nedich foar it pleatsen fan sa’n boerd. Mar der binne wol in pear regels.
Regels pleatsen sandwichbuorden
- De buorden meie gjin skea feroarsaakje oan ‘e dyk
- Elkenien moat de dyk feilich brûke kinne. De buorden meie net yn it paad stean fan ferkear en kuierders. Soarchje der foar dat der 1,20 meter romte is foar kuierders. Fytsers, auto’s, motoaren en oar rydark hawwe 3,50 meter romte nedich;
- Behear as ûnderhâld fan de dyk moat mooglik bliuwe.
De buorden meie maksimaal 9 wike stean bliuwe
Moatte se langer stean bliuwe? Dan hawwe jo miskien in omjouwingsfergunning nedich. It KCC Fergunningen fertelt jo mei alle wille hoe’t dat yn syn wurk giet.
Fragen? Of twifelje jo oer it brûken fan in plak? Nim gerêst kontakt mei ús op.
Skilje it KCC Fergunnings op (0519) 29 88 88, opsje 2, as stjoer in e-mail nei kccvergunningen@noardeast-fryslan.nl.