Stimme fanút it bûtelân

Stimme en tydlik ferbliuw yn it bûtelân

Der binne 2 mooglikheden om te stimmen foar kiezers dy’t tydlik yn it bûtelân binne, bygelyks foar wurk as stúdzje.

  1. De kiezer stimt fia in skriftlike folmacht. Dit fersykskrift moat moandei 3 juny 2024 fòàr 17:00 oere by de gemeente binnen wêze. Hjirfoar is in formulier beskikber Model L 8. Jo en de persoan dy’t jo machtigje folje beide in part fan it formulier yn.
     
  2. De kiezer stimt sels per brief. Dizze kiezer moat in bûtenlânsk postadres hawwe.De kiezer freget dit oan by de gemeente Den Haag. De folsleine oanfraach, ûndertekene en mei in kopy fan it jildige Nederlânske identiteitsdokumint, moat op syn lêst 10 maaie 2024 ûntfongen wêze.