Stimme by folmacht

Algemeen

Kinne jo net sels stimme? Dan meie jo in oar machtigje om foar jo te stimmen. Dit hjit stimme by folmacht. De persoan dy't foar jo stimt (de machtige) moat tagelyk mei syn eigen stim ek jo stim útbringe. In wurkjouwer moat jo de kâns jaan om te stimmen, ek as dat net bûten wurktiid kin.

Underhânske folmacht

  • Folje de efterkant fan jo stimpas yn.
  • Set jo hântekening en lit de machtige ek tekenje
  • Allinnich immen dy't yn deselde gemeente wennet, mei jo stim útbringe.
  • Jo kinne net yn it stimburo in folmacht jaan.

By it stimmen moat de machtige:

  • In kopy fan jo identiteitsbewiis sjen litte (mei ek in foto op ‘e telefoan wêze).

It identiteitsbewiis mei op syn meast 5 jier ferrûn wêze.

Feilich in kopy meitsje fan jo identiteitsbewiis:

Skriuw op ‘e kopy:

  • Dat it in kopy is
  • Foar wa as hokker doel
  • De datum
  • Streekje jo BSN-nûmer troch (ek yn de stripe ûnderoan)

Wolle jo dochs sels stimme? 

Freegje jo stimpas werom fan de machtige. Jo kinne dan sels stimme.

Skriftlike folmacht

  • Freegje in skriftlike folmacht oan by de gemeente.
  • Brûk it formulier Model L8.
  • Jo en de machtige folje beide in diel fan it formulier yn.
  • Stjoer it fersyk foar freed 13 maart 2026 om 17.00 oere nei de boargemaster fan jo gemeente.

Wichtich: By in skriftlike folmacht is gjin kopy fan jo identiteitsbewiis nedich. Nei goedkarring krijt de machtige in folmachtbewiis.

Let op: In skriftlike folmacht kinne jo net ynlûke. Jo stimpas wurdt dan ûnjildich. Jo kinne dan net mear sels stimme as in nije stimpas 

Regels foar stimme by folmacht

  • In machtige mei op syn meast 2 folmachten oannimme.
  • Hy stimt tagelyk mei syn eigen stim.
  • It stimburo kontrolearret it folmachtbewiis, de stimpas en de identiteit.

Ferbean: ronseljen

It inisjatyf foar in folmacht moat fan de kiezer komme, net fan de machtige. It is ferbean om:

  • Minsken te freegjen om harren stimpas ôf te jaan
  • Immen om te keapjen of te twingen om in folmacht te jaan

Ynrjochting of finzenis

Kiezers yn in ynrjochting of finzenis kinne allinnich by folmacht stimme, útsein as dêr in stimburo is.