Stimme mei in beheining
Tagonklik foar elkenien
- De gemeente fynt it wichtich dat elkenien stimme kin, ek minsken mei in beheining.
- Alle stimburo’s binne tagonklik foar minsken mei in rollator as rolstoel.
- By alle stimlokalen binne genôch parkearplakken.
Help by it stimmen
- Neffens de Kieswet mei allinnich help jûn wurde oan minsken mei in lichaamlike beheining, lykas in fisuele beheining.
- Help kin jûn wurde troch in begelieder of in lid fan it stimburo.
- Yn it stimhokje mei gjin help jûn wurde oan minsken mei in ferstanlike beheining, demintsy as lêsproblemen. Dit is om fraude foar te kommen.
- Bûten it stimhokje kinne dizze minsken wol help krije.
Foar minsken dy’t net goed sjen kinne
- Yn elk stimlokaal is in loep beskikber.
- Yn it stimhokje is genôch ljocht, sadat it stimmen makliker giet.
Webside mei ienfâldige ynformaasje oer de ferkiezings
Kandidatelist mei ekstra grutte letters
In kandidatelist mei ekstra grutte letters is hjir te downloaden sadree't dy beskikber is.
kandidatelist yn sprutsen foarm
kandidatelist yn sprutsen foarm is hjir te downloaden sadree't dy beskikber is.