Stimpas

Wannear krije jo de stimpas?

Jo krije de stimpas op syn lêst 14 dagen foar de ferkiezings yn ‘e hûs. Op ‘e stimpas stiet it adres fan it stimburo dat it tichtsteby is. Jo meie stimme yn elk stimburo binnen de gemeente.

Wat nimme jo mei nei it stimburo?

  • Jo stimpas
  • In identiteitsbewiis (paspoart, identiteitskaart of rydbewiis – op syn meast 5 jier ferrûn)

Kinne jo net sels stimme? Dan kinne jo in oar machtigje om foar jo te stimmen.

Wa krijt in stimpas?

Jo krije in stimpas as jo stimrjocht hawwe. In stimpas is allinnich jildich foar dizze ferkiezing.

Op de stimpas stiet oanjûn foar hokker ferkiezing dy ornearre is.

Ferhuzing

Ferhúzje jo yn de tiid fan de ferkiezings? Dan stimme jo mooglik noch yn jo âlde gemeente.

It adres dêr’t jo op 2 febrewaris 2026 (dei fan kandidaatstelling) ynskreaun steane, bepaalt wêr’t jo stimme. Jo stimpas wurdt nei dat adres stjoerd. Jo kinne ek in ynwenner fan jo âlde wenplak machtigje om foar jo te stimmen.

Gjin stimpas krigen of kwytrekke?

Jo kinne in ferfangende stimpas oanfreegje:

  • Skriftlik: foar freed 13 maart 2026 om 17.00 oere.
    Foegje in kopy fan jo identiteitsbewiis ta
  • Stjoer jo fersyk nei: verkiezingen@ediensten.noardeast-fryslan.nl
  • Persoanlik: oant tiisdei 17 maart 2026 om 12.00 oere by it gemeentehûs yn Dokkum. Jo hoege gjin ôfspraak te meitsjen.

Tink der om: As jo op 13 maart skriftlik in stimpas oanfreegje, kinne wy net garandearje dat PostNL him op ‘e tiid besoarget. It is dus handiger om nei it gemeentehûs ta te gean. Dan krije jo de stimpas fuortendaliks mei.

Stimrjocht foar dakleazen

  • Om te stimmen hawwe jo in stimpas nedich.
  • De gemeente jout in stimpas op basis fan de Basisregistratie Personen (BRP).
  • Steane jo net yn de BRP? Dan krije jo gjin stimpas en kinne jo net stimme.
  • Stean jo wol yn de BRP, bygelyks mei in briefadres? Nim dan kontakt op mei de gemeente as mei de persoan fan it briefadres. Sa kinne jo jo stimpas ûntfange as ophelje.