Understeuningsferklearring foar de gemeenteriedsferkiezingen 2026
Algemeen
Wolle jo in politike partij helpe om mei te dwaan oan de ferkiezingen op 18 maart 2026? Dan kinne jo in understeuningsferklearring ôfjaan op it gemeentehûs yn Dokkum.
Wat is in ûndersteuningsferklearring?
In ûndersteuningsferklearring is in offisjele manier om sjen te litten dat jo in partij stypje. Dit is nedich as de partij:
- foar it earst meidocht.
- by de foarige ferkiezing gjin setel hie.
- meidocht mei in blanco list (sûnder partijnamme)
Tink der om: Jo meie per ferkiezing mar ien partij stypje. In ferklearring kin net ynlutsen wurde.
Wa mei in ferklearring ôfjaan?
Jo meie in ferklearring ôfjaan as jo:
- stimrjocht hawwe by dizze ferkiezing,
- ynskreaun steane yn de gemeente Noardeast-Fryslân
Ek kandidaten op in list meie tekenje, salang’t se as kiezer yn de gemeente registrearre steane.
Wêr en wannear?
Jo kinne in ûndersteuningsferklearring ôfjaan op it gemeentehûs:
- Wêr: Gemeentehûs Dokkum, Koningstraat 13, 9101 LP Dokkum
- Wannear: fan moandei 19 jannewaris o/m moandei 2 febrewaris 2026
- Jo hoege gjin ôfspraak te meitsjen
Wy binne iepen op:
- Moandei o/m tongersdei: 09.00 – 12.00 oere en 13.00 – 16.00 oere
- Freed: 09.00 – 12.00 oere
Wat nimme jo mei?
- In jildich identiteitsbewiis
- It ynfolle, mar noch net ûndertekene formulier. Jo ûndertekenje it formulier op it gemeentehûs, yn ’e oanwêzigens fan in amtner
Download it formulier (Model H 4) fia de webside fan de Ryksoerheid.
Fragen?
Nim kontakt op fia:
- verkiezingen@ediensten.noardeast-fryslan.nl
- (0519) 29 88 88, opsje 4