Wurd reservelid fan it stimburo
Algemeen
Op woansdei 29 oktober 2025 binne de ferkiezings foar de Twadde Keamer. In dei wêrop’t miljoenen Nederlanners harren stim útbringe foar de takomst fan ús lân. Om dit proses earlik, feilich en linich ferrinne te litten, binne wy op syk nei reserveleden foar it stimburo.
As reservelid springst yn wannear’t in regulier stimburolid ûnferwachts útfalt. Do bist dus fan grut belang foar de kontinuïteit fan it stimproses. Sûnder dy kin in stimburo net folslein funksjonearje!
Wat hâldt it yn?
- Jo steane stand-by op ‘e ferkiezingsdei. Wy kinne dy oproppe by útfal fan in stimburolid.
- Do krijst yn it foar in koarte training sadatst goed taret bist.
- Wannear’t wy dy ynsette op in stimburo krijst in fergoeding foar dyn besikberens en ynset.
Wat sykje wy?
- Betroubere, krekte minsken fan 18 jier as âlder.
- Immen dy’t it wichtich fynt om by te dragen oan ‘e demokrasy.
- Beskikber op 29 oktober 2025, ek yn ‘e jûnsoeren.
Wêrom meidwaan?
- Do leverest in direkte bydrage oan it funksjonearjen fan ús demokrasy
- Do learst hoe’t ferkiezings efter de skermen der om en ta gean.
- Do trefst oare belutsen ynwenners út dyn gemeente.
Belangstelling?
Meld dy oan fia deze link. Ek ast noch fragen hast, steane wy klear om dy te helpen.
Mei-ïnoar soargje wy der foar dat elke stim telt. Doch mei, want as reservelid bisto de stille krêft efter in goed organisearre ferkiezingsdei!