Wurd stimburo-lid op 18 maart 2026!

Algemeen

Op woansdei 18 maart 2026 binne de gemeenteriedsferkiezingen. Wy sykje noch minsken dy’t helpe wolle op in stimburo.

Wat dochst as stimburo-lid?

  • Do kontrolearrest it identiteitsbewiis fan de kiezer.
  • Do nimst de stimpas yn.
  • Do joust it stimbiljet oan de kiezer.
  • Nei 21.00 oere helpst mei it tellen fan de stimmen.
  • Foarôf krijst in online útlis (e-learning) oer watst dwaan moatst.

Wurktiden

Do wurkest yn ien fan de twa ploegen:

  • Fan 07.00 oant 14.00 oere.
  • As fan 14.00 oant 21.00 oere.
  • Alle stimburoleden telle nei 21.00 oere de stimmen.

Wat freegje wy fan dy?

  • Do bist 18 jier as âlder.
  • Do bist fleksibel en wurkest netsjes.
  • Do praatst en begrypst it Nederlânsk goed.

Oanmelde

Meld dy oan fia  deze link

Tink der om: Oanmelde betsjut net datst fuortendaliks yndield wurdst. Soms komst op in reservelist. As immen him ôfmeldt, kinne wy dy benaderje om te helpen.