20 Jier Jou in Bern in Boek!

It projekt “Jou in bern in boek”  belibbet dit jier de 20e edysje. De útrikking fan it boek “Camping Beppe” fûn plak op 13 novimber 2026 by soarchsintrum “Foswert” te Ferwert (Noardeast-Fryslân).

Gearwurking mei 4 gemeenten  

It projekt jou in bern yn boek is in gearwurking tusken de gemeenten Noardeast-Fryslân, Dantumadiel, Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen. By de lansearring wiene de wethâlders Gerda Bos, Tieme Heringa en Jan Pieter van der Velde oanwêzich, en ek de ferskate taalamtners fan de fjouwer gemeenten.  

 It boek ‘’Camping Beppe’’ is skreaun troch Inge Besaris en is oerset nei it Frysk troch Martsje de Jong. De yllustraasjes binne makke troch Donna Kroese. 

Alle Bern út groep 5 krigen yn boek 

De kommende wiken sille de lêskonsulinten fan Biblioteken Noard Fryslân en fan dBieb Tytsjerksteradiel op alle skoallen yn de gemeenten Noardeast-Fryslân, Dantumadiel, Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen del mei de boeken foar de bern fan harren groep 5. 

Oer Jou in bern in boek 

It projekt “ Jou in bern in boek”  is 20 jier lyn úteinset yn de gemeente Ferwerderadiel, sûnt de 16e edysje hat ek de gemeente Achtkarspelen har hjir by oan sletten. En twa jier lyn ek de gemeente Tytsjerksteradiel. It projekt makket diel út fan in aktyf Frysk taalbelied yn dizze fjouwer gemeenten. De wurkgroep bestiet út Joke Scheffer, Jan Jarig van der Tol, Tjitske van der Velde, Yvonne Soepboer, Neeltje Talstra en Wietske Poelman. De earste twa, Joke Scheffer en Jan Jarig van der Tol nommen nei jierrenlange ynset ôfskied fan it projekt.

Foto's