Frysk yn 'e gemeente
Frysk Taalbelied
De algemiene doelstelling fan it Frysk taalbelied fan de gemeente is:
“It kreëarjen fan rânebetingsten foar it behâld en fuortsterkjen fan de Fryske taal.”
Dêrby jildt it útgongspunt dat de ynwenners fan ús gemeenten harren eigen taal brûke kinne om harren fragen te stellen en harren winsken dúdlik te meitsjen. Frije taalkar en respekt foar dy kar is ús útgongspunt. Foar it grutste part fan ús ynwenners is it Frysk de memmetaal, en datselde jildt ek foar de meiwurkers fan ús gemeenten. It jout fertrouwen om jinsels uterje te kinnen yn jins memmetaal, boppedat soarget taal ek foar (fer)bining tusken minsken ûnderling.
By it realisearjen fan dy doelstelling hantearje wy de folgjende útgongspunten:
De gemeente Noardeast-Fryslân stribbet nei lykweardigens yn talen
Us taalbelied is basearre op lykweardigens fan it Frysk en it Nederlânsk. Dêrom fine wy it tige wichtich dat boargers, amtners en bestjoerders sels kieze kinne oft se Frysk of Nederlânsk prate en skriuwe. Dêrby hawwe wy respekt foar elk syn taalkar.
De gemeente Noardeast-Fryslân kiest foar twataligens
Wy meitsje in kar foar de Fryske of de Nederlânske taal. Twataligens docht rjocht oan it begjinsel fan lykweardigens, mar freget wol in bewuste kar yn alle situaasjes.
De gemeente Noardeast-Fryslân hat in foarbyldfunksje
Wy binne ús bewust fan ús foarbyldfunksje en litte oan ús ynwenners sjen dat der yn ús gemeenten sawol Frysk as Nederlânsk sprutsen en skreaun wurde kin. Dêr’t dat mooglik is, besykje wy de sichtberens fan it Frysk te fergrutsjen en it draachflak te ferbreedzjen.
De gemeente Noardeast-Fryslân hat dus in ambisjeus taalplan Frysk: Mei elkoar foarút mei it Frysk 2020-2026.
Meartaligenskoördinator
Wietske Poelman is Meartaligenskoördinator (MTK) fan de gemeente Noardeast-Fryslân. De rike meartaligens yn ús gemeente is de reden dat hjir ferlet fan is. Dêrnjonken is der in grutte ambysje op it fuortsterkjen en befoarderjen fan it Frysk.
De Meartaligenskoördinator set har yn foar de talen yn ús gemeente. Hjirûnder falt it Frysk, mar ek de dialekten en de streektalen dy’t der binne yn ús gemeente. Ek kin de MTK ynset wurde by petearen mei nije ynwenners dy’t in oare taal prate, sa as is Perzysk (Farsi). Mear hjiroer kinst hjir lêze.
Kontakt opnimme mei Wietske? Dat kin hjir. Sy helpt graach by it beäntwurdzjen fan fragen as oare saken dy’t te krijen hawwe mei it Frysk.