Meartaligens
Plaknammebuorden
Fan 1 jannewaris 2023 ôf is de nammejouwing fan de doarpen feroare. Yn ‘e riedsgearkomste fan 8 july 2021 hat de gemeenteried fan Noardeast-Fryslân unanym ynstimd mei de ynfiering fan Fryske plaknammen. De gemeente sjocht de ynfiering fan de Fryske plaknammen as in kâns om de Fryske eigenheid fan de gemeente sichtber te meitsjen. De plaknammen Hiaure, Aalsum, Waaksens, Burum, Munnekezijl, Warfstermolen behâlde de Nederlânske nammen. De lêstneamde trije doarpen falle yn it taalgebiet Súd-Lauwerlânsk. It Frysk is hjir minder oanwêzich as yn oare doarpen yn ‘e gemeente. (hjir wurdt in Streektaal praat!). De doarpsbelangen fan Hiaure, Aalsum en Waaksens hawwe histoaryske arguminten oanfierd om de Nederlânske namme te behâlden. De gemeenteried hat hjirmei ynstimd.
Streektalen en ambysje
Neist it Frysk wurdt der yn ferskate doarpen in dialekt as streektaal sprutsen. Tink bygelyks oan it Dokkumers, it Kollumers, Munnekesielsters en it Boerums. Al jierren bestiet der in Streektalenwurkgroep yn de gemeente Noardeast-Fryslân. De groep is útwreide mei fertsjintwurdigers fan alle oanwêzige libjende streektalen.
Hjrby sjogge wy oer ús gemeentegrinzen hinne en hawwe in streektaalgroep mei fertsjintwurdigers út 4 omlizzende gemeenten (Noardeast-Fryslân, Dantumadiel, Achtkarspelen en ek in Grinzer Westerkwartier). De groep fergaderet regelmjittich mei it algemiene doel om streektalen libbende te hâlden en hjirta projekten en aksjes te betinken en út te fieren. Fanút it oerlis “Gemeenten & Frysk” is der ek kontakt mei de Stellingwerven en oare streektaalgroepen elders yn Nederlân.
Wy sette yn op it behâld en befoardering fan de Fryske taal. Yn oansluting dêrop is mear oandacht foar dialekten en streektalen fanselssprekkend