Gemeente Noardeast-Fryslân stipet streektalen

It Frysk heart by dizze regio. Njonken it Frysk en it Nederlânsk wurde der yn ús gemeente ek ferskate streektalen praten: it Dokkumersk en it Kollumersk (Stedfrysk). Dêrneist wurdt yn in oantal doarpen Súd-Lauwerslânsk praten. De ferskillende streektalen meitsje ús gemeente unyk en dêrom stipet gemeente Noardeast-Fryslân streektaalprojekten.

Wurkgroep Streektalen

As gemeente wolle wy kontinu de mooglikheden ûndersykje om neist it Frysk, it Stedfrysk en it Súd-Lauwerslânsk te stypjen en te stimulearjen. Dêrta ha wy in wurkgroep gearstald dy’t bestiet út fertsjintwurdigers fan belanghawwende organisaasjes en ynwenners mei ynteresse foar taal. Dy wurkgroep komt jierliks by inoar om projekten te betinken en te stypjen mei har kennis en netwurk.

Stipe foar projekten

Neist de wurkgroep jout de gemeente ek subsydzje oan projekten dy’t oandacht jouwe oan de streektalen yn ús gemeente. Ha jo ek sa’n projekt? De oanfragen kinne dien wurde fia de webside fan de gemeente. Der is maksimaal €750 per projekt beskikber oant de subsydzjepot leech is. Der binne al inkelde suksesfolle projekten start.

Keimpe de Krokodil giet op reis

Studinten fan it ROC Friesland College ha tegearre mei Afûk in oanbod foar restauranten ûntwikkele, besteande út in placemat fol spultsjes en it meartalige lêsboekje ‘Iis foar Eef’ foar de jongste gasten. Allerhanne meartalige spultsjes op in placemat meitsje dat it wachtsjen op it iten moai wurk wurdt. It oanbod is yn it Frysk en yn it Dokkumers en fan dizze wike ôf by ferskate restauranten yn de gemeente te finen.

Grutte Earen

Teatermakker Eline de Vries makket in foarstelling midden yn de streek dêr’t it Súd-Lauwerslânsk sprutsen wurdt. Se hat as tarieding ynterviews hâlden mei bewenners fan de streek en sa kriget de streektaal in plak yn har foarstelling Grutte Earen. Grutte Earen spilet fan 23 o/m 25 july.

Oer de Streek

Streekdichter fan Noardeast-Fryslân Geart Tigchelaar fytst 14 dagen troch de gemeente om ynspiraasje op te dwaan foar in lang gedicht: ‘Ballade fan Noardeast’. De ynspiraasje komt foaral fan de ynwenners fan alle doarpen en de stêd Dokkum. Elkenien koe by Geart delkomme en op in soarte fan flipover op syn fytskarke opskriuwe wat hy/sy fynt dat yn it gedicht moat. Op freed 16 july om 14.00 oere komt er wer oan yn Dokkum.