It Frysk mear sichtber yn de gemeente Noardeast-Fryslân

It Frysk heart by dizze gemeente. In soad  ynwenners hawwe it Frysk, as ien fan har farianten, as memmetaal. Om de meartaligens yn ús gebiet te fersterkjen en mear sichtber te meitsjen, hat de gemeente jild beskikber steld om bedriuwen en ferienigings hjirby te stypjen.  

Bedriuwen, ferienigings en stichtingen kinne subsydzje oanfreegje foar it sichtber meitsjen fan it Frysk by harren organisaasje. Der is in bedrach fan maksimaal € 2.500 per oanfraach beskikber. De Afûk kin helpe by it meitsjen fan in goed plan.

De regeling hat as doel  de sichtberens en it brûken fan de Fryske taal en de streektalen yn it iepenbiere libben en de publike romte yn Noardeast-Fryslân te fergrutsjen.

“Wy kinne grutsk wêze op it brûken fan de Fryske taal. It is ûnderdiel fan ús identiteit”

seit wethâlder Hanneke Jouta. “Mei dizze subsydzje wolle wy bedriuwen en ferienigings motivearje om it Frysk mear sichtber te meitsjen”.

Subsidieregeling Sichtberens Frysk en streektalen | Gemeente Noardeast-Fryslân