Priiswinners fan it tydskrift Tsjil binne bekend
Feline van KBS De Hoeksteen yn Dokkum wûn mei har haiku oer de bolwurken fan Dokkum. Marije van KBS De Bining yn Westergeast wûn de trochstreekpuzel.
Beide krigen in ynsektenhotel út hannen fan wethâlder Hanneke Jouta. Prachtich hoe’t bern it lânskip fan Noardeast-Fryslân belibje! Foar de klasse hie wethâlder Jouta it boek Dat wie de plestik tiid.