Sittingen sintraal stimburo
Algemeen
Op woansdei 18 maart 2026 binne de ferkiezingen foar de gemeenteried fan Noardeast-Fryslân. Hjirûnder fine jo in oersjoch fan de wichtichste mominten oangeande de kandidaatstelling en it fêststellen fan de útslach.
Ynleverjen fan listen
Politike partijen en groepearrings dy't dielnimme wolle oan de ferkiezingen kinne harren kandidatelist en byhearrende stikken ynleverje op:
- Moandei 2 febrewaris 2026
- Tusken 09.00 en 17.00 oere
- By it sintraal stimburo, Koningstraat 13 yn Dokkum
Dejinge dy't de list ynleveret, moat him identifisearje kinne.
Undersyk fan de kandidatelisten
It sintraal stimburo ûndersiket de ynlevere kandidatelisten yn in besletten sitting:
- Op tiisdei 3 febrewaris 2026 om 16.00 oere
- Yn it gemeentehûs oan de Koningstraat 13 yn Dokkum
Dizze sitting is net iepenbier. De kandidatelisten en eventuele stipeferklearringen lizze fan woansdei 3 febrewaris 2026 ôf (op ôfspraak) op besjen yn it gemeentehûs. Jo kinne in ôfspraak meitsje troch te skiljen mei 0519 -29 88, opsje 4.
Iepenbiere sitting oer de jildichheid fan de listen
By in iepenbiere sitting beslút it sintraal stimburo
- Oft de listen jildich binne
- Oft de kandidaten op de listen hanthavene bliuwe
- Oft de partijnamme boppe de list hanthavene wurdt en hokker nûmer elke list krijt
Dy sitting wurdt hâlden op
- Freed 6 febrewaris 2026 om 17.00 oere
- Yn ‘e riedseal fan it gemeentehûs oan de Suupmarkt 2, Dokkum
Belangstellenden binne wolkom om hjirby oanwêzich te wêzen.
It proses-ferbaal leit fuortendaliks nei de sitting (op ôfspraak) op besjen yn it gemeentehûs. Jo kinne in ôfspraak meitsje troch te skiljen mei 0519 -29 88, opsje 4.
De nûmere listen publisearje wy sa gau as mooglik nei de sitting op www.noardeast-fryslan.nl/gemeenteriedsferkiezingen.
Fêststelling fan de ferkiezingsútslach
De offisjele útslach fan de gemeenteriedsferkiezing stelt it sintraal stimburo fêst yn in iepenbiere sitting:
- Op freed 27 maart 2026 om 10.00 oere
- Yn ‘e riedseal fan it gemeentehûs oan de Suupmarkt 2, Dokkum
Ek dizze sitting is tagonklik foar publyk.