Spesjaal tydskrift oer it lânskip fan Noardeast-Fryslân foar skoallen

Noardeast-Fryslân stiet bekend om har prachtige lânskip en rike skiednis. Dizze ynformaasje is fêstlein yn de lânskipsbiografy. Om ek bern yn ’e kunde komme te litten mei it ûntstean fan dit bysûndere gebiet, hat de gemeente yn gearwurking mei Cedin in spesjale edysje fan it tydskrift Tsjil makke.

Cedin bringt fiif kear yn ’t jier it tydskrift Tsjil út foar de boppebou fan it basisûnderwiis. En it tydskrift Linkk foar de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Foar Noardeast-Fryslân is no in spesjale edysje fan Tsjil makke. Fol mei ferhalen, in gedicht, aardige weetjes, in puzelside, in wedstryd en fansels in strip op de efterkant. Foar groep 7-8 én klasse 1-2. Foar de learkrêften is der in lesbrief ûntwikkele dy’t oanslút by de nije (konsept)kearndoelen Fryske taal en kultuer.

Op woansdei 21 jannewaris om 10.30 oere binne de earste eksimplaren útrikke op basisskoalle Wrâldwizer yn Easternijtsjerk. Dit is de skoalle fan de berneboargemaster, dy’t ek meiwurke hat oan it tydskrift. Se fertelt ûnder oare oer har wurksumheden as berneboargemaster.

“Ik hoopje dat de learlingen nei it lêzen fan dizze spesjaleTsjil mear belangstelling krije foar de skiednis fan dit gebiet en mei oare eagen nei it lânskip sjogge. En der miskien in bytsje grutsk op wurde” seit wethâlder Hanneke Jouta. De âlde eleminten yn ús lânskip binne makke troch ús fiere foarâlders. En dêr moatte wy goed op passe. Ik bin der yn elts gefal grutsk op. En mei-inoar moatte wy der omtinken foar hâlde om it ek foar de takomst te behâlden."

tijdschrift-menthe-van-der-zee-en-hanneke-jouta