Tydskrift oer it lânskip fan Noardeast-Fryslân foar skoallen
Algemeen
Noardeast-Fryslân stiet bekend om har prachtige lânskip en rike skiednis. Dizze ynformaasje is fêstlein yn de lânskipsbiografy. Om ek bern yn ’e kunde komme te litten mei it ûntstean fan dit bysûndere gebiet, hat de gemeente yn gearwurking mei Cedin in spesjale edysje fan it tydskrift Tsjil makke. Foar groep 7-8 én klasse 1-2. Foar de learkrêften is der in lesbrief ûntwikkele dy’t oanslút by de nije (konsept)kearndoelen Fryske taal en kultuer.